Nei fipronyl-affêre: "Der is wer perspektyf en dat is moai"

29 des 2017 - 13:53

It hinnebedriuw fan Jan Willem van Koot en Anna Bron yn Drachtsterkompenije waard de ôfrûne simmer swier troffen troch it fipronyldrama. It bedriuw mei 32.000 hinnen balansearre doe op de râne fan in fallisemint, mar nei fiif drege moannen kinne Van Koot en Bron wer foarút sjen. De pikeboer en -boerinne binne wer drok dwaande en ferkeapje wer aaien. It bedriuw leveret wer oan de hannel en ferkeapet ek direkt oan de konsumint oan de dyk. Bron krijt dêr in fleurich sin fan: "Je kinne wer foarút sjen, der is wer perspektyf en dat is moai."

De hinnen op dieet

Van Koot en Bron hiene krekt 32.000 jonge hinnen, doe't de NVWA harren bedriuw op slot sette. Sy hawwe der doe foar keazen om net te romjen, mar om it bedriuw troch ferskate oare aksjes fipronyl-frij te meitsjen. De hinnen moasten op dieet en it bedriuw waard ferskate kearen yngreven skjinmakke. Koartlyn kaam berjocht fan de NVWA dat der wer aaien ferkocht wurde meie. Anna Bron hat wol mingde gefoelens oerhâlden oan de hiele affêre.

Unbegrip

"We witte no dat de NVWA al yn novimber 2016 warskôge is foar it produkt fan Chickfriend, omdat der fipronyl yn siet. Ik kin dêrom mar net begripe wêrom't de NVWA net earder maatregels nommen hat tsjin dat bedriuw. As se earder yngrypt hiene, hie der by ús neat te rêden west." It bedriuw fiif moannen trochdraaie litte sûnder fertsjinsten hat de pikeboer fan Drachtsterkompenije sa'n 5 ton oan direkte skea koste. Anna Bron is njonken pikeboer ek masseuze mei in eigen praktyk. Se is bliid dat se dy trochsette koe yn de ôfrûne moannen. "Dêrtroch koene wy noch gewoan boadskipje. Ik kin fansels nea 5 ton fertsjinje troch te massearen, mar it holp wol om troch de tiid te kommen."

De pikeboer hat njonken de fipronyl ek te krijen mei oare gefaren. Sa waard koartlyn wer fûgelgryp fêststeld yn Flevolân, wêrtroch de hinnen fan Van Koot en Bron foarearst net nei bûten meie. Boppedat mei der gjin frjemdfolk op it hiem fan de pleats komme.

Trefwurden: 
Anna Bron fipronyl
(Advertinsje)
(Advertinsje)