Freedsmerk: "Ik haw gjin goede foarnimmens nedich"

"Ik haw it bêst op 'e rit en haw gjin goede foarnimmens nedich." Net eltsenien op de Ljouwerter freedsmerk hat winsken foar it nije jier. Dêr sjogge wy fansels wer nei, no't de krystdagen wer efter de rêch binne. Fan de minsken dy't wol goede foarnimmens hawwe, stiet by de measten de sûnens kwa prioriteit boppeoan: "Sûn bliuwe, my net al te drok meitsje en in bytsje in relaxed libben liede" en "Lekker gezond blieve, dat hopen we. In bitsje der fan make wat je der fan make kenne." Dat sûn bliuwe net allinnich in Fryske winsk is, docht wol bliken út it ynternasjonaal selsskip dat freed oer de Ljouwerter merk rûn. Ek in Dútsk stel hopet op in sûn 2018: "Ich hoffe das ich gesund bleibe." En úteinlik is dat fansels dêr't it om giet: "Sûn blieve, dat is it belangrykste toch?"