Ynbrekkers dogge meardere plakken oan yn Mildaam

29 des 2017 - 11:45

Ynbrekkers hawwe yn de nacht fan tongersdei op freed op twa plakken yn Mildaam besocht harren slach te slaan. In bewenner fan de Mûnewei kaam om healwei fiven each yn each te stean mei in ynbrekker, dy't fuortendaliks útnaaide. Yn de PKN-tsjerke oan de Schoterlandsewei slagge de ynbraak wol. De ynbraak waard freedtemoarn ûntdutsen. It is noch net dúdlik wat der krekt stellen is. De plysje freget tsjûgen har te melden en ropt minsken mei bewakingskamera's yn de buert op om bylden troch te stjoeren.

Trefwurden: 
ynbrekker plysje
(advertinsje)
(advertinsje)