WK Frysk damjen stiet faai troch finansjele problemen

29 des 2017 - 11:36
  • WK Frysk damjen stiet faai troch finansjele problemen
  • Marten Walinga fan de organisaasje

It wrâldkampioenskip Frysk damjen foar takom jier stiet faai. De organisaasje hie yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2018 útpakke wollen mei it kampioenskip, mar krijt de begrutting net rûn. Der is foar it organisearjen fan it WK en de pleatsingstoernoaien yn totaal 170.000 euro nedich, mar dêrfan is noch mar 60.000 euro tasein. Benammen grutte fûnsen litte it neffens Marten Walinga fan de organisaasje ôfwitte. Dy hawwe gjin jild foar lytsskalige, Frysktalige eveneminten. De teloarstelde organisaasje wol de lêste fiif pleatsingstoernoaien wol trochgean litte, mar lied de needklok oer it WK sels.

Trefwurden: 
Frysk damjen WK LF2018
(advertinsje)