Telefoans meinaam by ynbraak oan Foarstreek

29 des 2017 - 10:45

By in ynbraak yn in winkel oan de Foarstreek yn Ljouwert hawwe ynbrekkers yn de nacht fan tongersdei op freed in soad telefoans bút makke. De dieders kamen binne troch in rút te fernielen. Yn de winkel waarden fitrinekasten fernield, wêrnei't de telefoans derút helle binne. Tsjûgen seagen twa manlju rinnendewei útnaaien yn de rjochting fan it Hoeksterend.

Trefwurden: 
ynbraak telefoan
(advertinsje)
(advertinsje)