Spul autoriders op A31

© Omrop Fryslân
De plysje ûndersiket de rúzje tusken twa automobilisten op de A31 moandei. By Frjentsjer krigen in Holwerter (43) en in Frjentsjerter (30) troch noch ûnbekende oarsaak spul. De Holwerter achterfolge de man út Frjentsjer oant by syn hûs en bedrige him dêr troch mei in spanbân te swaaien lykas in lasso. Nei't de manlju inoar de hûd folskolden, gie de Holwerter wer fuort. De Frjentsjerter sloech in rút fan 'e auto fan de Holwerter stikken.