Frou (78) komt om by slim ûngelok Eastermar

29 des 2017 - 10:36

Op de Elte Martens Beimastrjitte yn Eastermar is freedtemoarn in 78-jierrige frou út it doarp om it libben kaam troch in ûngelok mei in frachtwein. De frou wie oan it kuierjen doe't se troch ûnbekende oarsaak oanriden waard troch in frachtwei. De helptsjinsten wiene manmachtich útriden, mar koene de frou net mear rêde. It is net dúdlik hoe't it ûngelok barre koe.

De plysje ûndersiket de tadracht fan it ûngelok. De 49-jierrige bestjoerder fan de frachtwein is nei it plysjeburo brocht fanwege it ûndersyk.

Trefwurden: 
ûngelok Eastermar
(advertinsje)
(advertinsje)