Agressive man dielt klappen út

29 des 2017 - 09:45

In agressive dronken man hat tongersdei yn in winkel oan it Cambuurplein yn Ljouwert meardere minsken klappen jûn. Der wiene fjouwer manlju nedich om de man yn betwang te hâlden. De plysje hie ek muoite om de man yn de boeien te krijen. Der is proses-ferbaal tsjin de man opmakke foar iepenbiere dronkenskip en it fersteuren fan de iepenbiere oarder. Hy sit noch fêst.

Trefwurden: 
plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)