De Fryske top 100 fan 2017: dit binne de nûmers 11 - 100

29 des 2017 - 10:50

De Fryske top 100 is al tweintich jier yn begryp yn de Fryske muzykwrâld, mar noch nea is der safolle op stimd as dit jier. Der binne yn totaal 37.570 stimmen binnenkaam. Al dy ekstra stimmen soargje foar in tal opfallende saken yn de list fan 2017. Sa binne der in soad nije nûmers yn de top 100 te finen. Yn totaal sechtjin nije nûmers hawwe it ôfrûne jier sa'n yndruk makke by it publyk dat se yn de ferneamde list kaam binne. Fjirtjin dêrfan hawwe noch nea earder yn de list stien. Ien fan dizze nûmers docht it sels sa goed dat it de top 10 helle hat.

Joop Obama is mei it nûmer 'Fisker út Snits' ien fan de heechste nije binnenkommers; hy einige op plak tolve. Hokker nije binnenkommer yn de top 10 einige is, is te hearren op âldjiersdei tusken 22.30 en 00.00 oere by Omrop Fryslân. De grutste stiger dit jier is it duo Weima & van der Werf mei it nûmer 'Do', sy geane yn totaal fjirtich plakken omheech.

De aktualiteit hat ek ympakt hân op de list: de yn septimber ferstoarne Rients Gratema is mei it nûmer 'De bugel fan looft den Heer' nammentlik mei 36 plakken omheech gien.


De Fryske top 100 is op âldjiersdei fan 1 oere middeis ôf te sjen en te hearren op Omrop Fryslân radio en TV. Njonken it ôftellen fan de Fryske top 100 sjocht Omrop Fryslân mei de harkers en sjoggers werom op 2017. Wat wiene de hichte- en djiptepunten fan it ôfrûne jier? Dêrneist binne ferslachjouwers fan Omrop Fryslân de hiele dei yn it spier. Sy sjogge by de moaiste âldjiersaktiviteiten yn ús provinsje.


De presintaasje fan de Fryske top 100 is yn hannen fan in grut radioteam fan Omrop Fryslân. De nûmers 100 oant en mei 11 binne no al te finen op: Frysketop100.nl. De top 10 wurdt snein 31 desimber tusken 22.30 en 00.00 oere by Omrop Fryslân bekend makke fia radio, telefyzje, de webside en de Omrop-app.

(advertinsje)
(advertinsje)