Kollum: "Warten"

29 des 2017 - 08:30

"It boek 'Het geheim der eersten' giet oer de terpen yn Fryslân en har relaasje mei de stjerren. Yn it neiwurd stiet dat der foar de bekearing ta it kristendom wichtige kultusplakken yn Noard-Nederlân west hawwe en dat archeologen altyd it fermoeden hân hawwe dat de earste tsjerken op dizze âlde hillichdommen boud binne mar dat it noch net earder oantoand is. It ferhaal fan dit boek giet oer de ûntdekking dat de terpen dy hillichdommen wiene en in part dêrfan is neffens de stjerrebylden oanlein.

It slút moai oan by myn foarige kollum en wat ik ek hiel nijsgjirrich fûn, wie dat Warten neamd wurdt yn relaasje mei ûnder oaren Swaenwert en Langwar. Swaenwert soe de terp fan de swan wêze. Dat stjerrebyld stiet yn 'e simmer heech oan 'e loft en hat de foarm fan in krús. Warten en Langwar soene ek by dat stjerrebyld hearre. Se hawwe beide trije swannen yn it doarpswapen en by de tsjerken stiet in wynwizer mei ek trije swannen.

It is ek troch de symbolyk op 'e tsjerke fan Hylpen dat dit boek ta stân kaam is. Symbolyk is oeral om ús hinne, mar wa begrypt it noch? Op it wapen fan Warten steane ek sân balstiennen, alteast se tinke dat it balstiennen binne. Dat soe ferwize nei de stêd Wartengahe dy't fersonken is en de trije swannen soene oer de balstiennen fan de âlde stêd hinne swimme.

It wurdt ek beskreaun yn in boek fan Poortinga mei de Fryske folksferhalen. De stêd Warten is fersonken yn it Wartenster Wiid en der is noch in plak dêr't skippers wolris in deadskop oan harren boom hingjen hawwe. Dy moatte se wol op itselde plak werom yn it wetter smite want oars libje se net lang mear. By moai stil waar soene je de klokken fan de fersonken tsjerketoer noch hearre kinne en de stêd is ûntstien troch kening Redbad.

Ik genietsje fan sokke ferhalen en hielendal no mei it LF2018 barren. We soene Warten eins bêst wol as ferjitten stêd op 'e kaart sette kinne. Fan fersonken stêd nei de poarte fan de Alde Feanen. It wetterpeil kin hjir noch altyd behoarlik omheech gean en wy hawwe wol situaasjes hân dat wy troch it wetter nei ús foardoar rinne moasten. It doarp is yn it ferline faker as ien kear oerstreamd mar alle kearen kaam de krêft en de mienskipssin fan de ynwenners wer boppe driuwen.

We binne hjir baas op it wetter, sawol yn 'e simmer as yn 'e winter. Marit Bouwmeester hat, tegearre mei it skûtsje 'De Jonge Jan', al in soad prizen en wûn en der binne mar leafst trije Wartensters dy't de Alvestêdetocht wûn ha; Jeen Nauta, Jeen v/d Berg en Sipke Castelein. Dat is ek wol de status fan in stêd wurdich en in gesellich stimpelplak foar de tocht der tochten derby.

Prachtige ferhalen fansels, mar wat no sa frappant is, is dat 'De Jonge Jan' earder foar Langwar by de SKS syld hat, ús skoansoan út Hylpen komt en dat myn sweager Radboud hjit. Sa sjogge je mar wer, tafal bestiet net. Trijehûndert jier foar Kristus wie Warten al in wichtich kultusplak en dy status kriget it wer. As de Feniks út de brân, sweeft de roek wer oer ús lân.

It iennige dat we noch nedich hawwe, is in fontein. Mar dêr wurdt hurd oan wurke, haw ik heard fan in pear roeken dy't hjir wol gauris oer it doarp sweve. Wat soe it moai wêze, dat as de mist yn Ljouwert oplutsen is op nijjiersdei, de roek yn Warten it wetter streame lit út de tolfde fontein.

Ik winskje jimme allegearre in feilige en goede jierwisseling ta en in hiel lokkich 2018!"

(advertinsje)