Wommelser hoarekapear Douma nimt nei 38 jier ôfskied

29 des 2017 - 06:00

De gesichten fan de Wommelser hoareka Durk en Siemy Douma hâlde der mei op. Nei 38 jier sille se mei pensjoen. De Douma's binne in begryp yn Wommels. Se runden earst restaurant It Reade Hynder, letter de snackbar en kochten doarpshûs It Dielshûs op, om dêr in bloeiend partysintrum fan te meitsjen. Alle saken draaiden goed.

It geheim is neffens Durk Douma 'gewoan bliuwe' en soargje dat it iten en drinken goed is. Boppedat moatte minsken wat te dwaan hawwe. Sa wie der yn It Reade Hynder lang in yndoar-golfbaan. By It Dielshûs is Trick-Pin ien fan de aktiviteiten, in balspul mei ferskate hindernissen. Freed is der yn It Dielshûs in ôfskiedsresepsje foar de Douma's.

Trefwurden: 
hoareka Wommels It Dielshûs
(advertinsje)