Coach Anema grutsk op Team Clafis: "Ik bin hiel tefreden"

28 des 2017 - 22:58

It giet goed mei Team Clafis op it OKT yn Thialf. Bob de Vries pleatste him earder al op de 5 kilometer foar de Olympyske Spelen. Tongersdei koe der ek foar Jorrit Bergsma in ticket kocht wurde: hy pleatste him op de 10 kilometer. De coach fan it team, Jillert Anema, is grutsk op de prestaasjes fan syn ploech. "Ik bin hiel tefreden. Ik ha fiif man by de earste acht. De jonges ha eins allegearre tsjin harren limyt oanriden op it momint dat it moast en dat wolle je gewoan graach."

Dochs koe Anema net daliks syn blydskip toane oer de pleatsing fan Bergsma foar de Spelen. "Ik moat der wêze foar dyjingen dy't ferlern ha. De winners kinne sels wol op it heechste platfoarm stappe en dêr gean ik letter wol nei ta. Mar foaral dyjingen dy't ferlern hawwe en wat net goed gien is, dat is earste soarch."

(Advertinsje)
(Advertinsje)