Lekke frachtwein lûkt diselspoar troch It Hearrenfean

28 des 2017 - 22:24

In frachtwein hat tongersdeitejûn in grut diselspoar fan sa'n twa kilometer efterlitten yn it sintrum fan It Hearrenfean. De Spaanske sjauffeur rekke mei syn wein in ferheging, wêrtroch't de diseltank skuorde. De plysje hat de Stasjonswei tydlik ôfsletten, om't de dyk troch de disel sjippeglêd wurden wie. De brânwacht hat de grutste plasse opromme en in spesjaal bedriuw hat de dyk wer skjinmakke.

(advertinsje)
(advertinsje)