Bergsma oer pleatsing Spelen: "Ik ha der bot oer yn sitten"

28 des 2017 - 22:11

It is in grutte opluchting foar Jorrit Bergsma dat er nei de Olympyske Spelen mei yn Súd-Koreä. Tongersdei pleatste hy him op it OKT yn Thialf, tegearre mei Sven Kramer, foar de 10 kilometer. Kramer wûn de ôfstân en Bergsma waard twadde mei in ferskil fan hast fiif sekonden, mar dêr joech de blonde reedrider fan Aldeboarn net folle om. De blydskip oer it feilich stellen fan syn dielname oan de Spelen fierde de boppetoan.

"It hat sa dreech west de lêste tiid en ik ha der bot oer yn sitten. Dan is it sa moai dat ik it hjoed wol doch", sei Bergsma ferromme. Fan tefoaren hie er der hast gjin fertrouwen mear yn, dat it goed komme soe. "Ik hie tsjinslach op tsjinslach de lêste tiid en dan giet it wol yn dyn kopke sitten."

'Best okee'

Sven Kramer wie nei ôfrin nochter oer syn winst op de 10 kilometer en syn pleatsing foar de Spelen yn febrewaris 2018. "Ja, best okee", sei er nonsjalant. "Ik kin hjir de polonêze rinne, mar úteinlik wol ik natuerlik Olympysk kampioen wurde. En dat wurde we hjir net. Ik bin blider mei de race, hoe't ik him ried en yndielde, as mei myn plak."

(advertinsje)
(advertinsje)