FIDEO: Tradysje Sint Thomaslieden stiet faai

De iuwenâlde tradysje fan it Sint Thomaslieden stiet ûnder druk. De tradysje wurdt allinnich noch yn stân hâlden yn Aldhoarne en Ketlik. It Sint Thomaslieden begjint alle jierren op 21 desimber, de dei fan de hillige Sint Thomas, en giet troch oant en mei âldjiersdei.
It kloklieden is fan âlds bedoeld om de boaze geasten te ferdriuwen, mar it tal minsken dat wit hoe't je de klokken krekt klinke litte moatte, is de lêste jierren bot ôfnaam. Om der dochs foar te soargjen dat der genôch kloklieders bliuwe, binne der maatregels naam.