Gemeente en ûndernimmer ha goed petear oer Merk Dokkum

28 des 2017 - 20:24

De gemeente Dongeradiel en ûndernimmer Leegstra fan Gytsjerk ha in goed petear hân. Beide partijen binne mei-inoar om tafel west oer hoe't it no fierder moat mei de rekonstruksje fan de Merk yn Dokkum. De rjochter hat de gemeente in boustop fan seis wiken oplein nei in beswierskrift fan Leegstra. De ûndernimmer hat in grut winkelhûs oan de Merk. Hy hat gjin grutte beswieren tsjin de iisfontein dy't der boud wurdt, mar wol tsjin it ferlies fan parkearplakken.

It petear tusken beide partijen hat noch gjin konkrete oplossing opsmiten. "We moatte sjen hoe't wy kompensearje kinne en watfoar gefolgen dat hat. Mar ik tink dat we der wol útkomme", seit wethâlder Albert van der Ploeg. Meikoarten sille beide partijen wer byinoar komme.

Trefwurden: 
merk Dokkum
(advertinsje)
(advertinsje)