Hûnebesitters yn Harns hoege minder belesting te beteljen

28 des 2017 - 20:16
Foto: ANP

Harnzers mei in hûn binne tenei goedkeaper út. De tariven fan de hûnebelesting gean mei 20 persint omleech. Oant no ta brocht de belesting Harns 98.000 euro op. De kosten lizze mei 77.000 euro lykwols in stik leger. Dat ferskil wurdt no weromjûn oan de hûnebesitters.

Harns is ien fan de seis gemeenten yn Fryslân dêr't je belesting betelje moatte foar de hûn. Ien hûn kostet dêr no 60 euro yn it jier. Fan dizze seis gemeenten is yn Kollumerlân it hâlden fan in hûn it goedkeapst. Dêr betelje je sa'n 38 euro.

Ynwenners fan Littenseradiel, dy't fan takom jier by Ljouwert hearre, binne it bokje: sy betellen neat, mar binne nei de gemeentlike weryndieling in lytse 64 euro kwyt foar de earste hûn. Utsein as se bûten de beboude kom wenje, dan hoege se neat te beteljen.

Trefwurden: 
hûnebelêsting Harns
(advertinsje)
(advertinsje)