Sven Kramer en Jorrit Bergsma op de 10 km yn Súd-Koreä

Sven Kramer en Jorrit Bergsma sille foar Nederlân útkomme op de Olympyske 10 kilometer yn febrewaris 2018 yn Súd-Koreä. Dat is it resultaat fan it OKT yn iisstadion Thialf. Sven Kramer ried yn de foarlêste rit nei de winnende tiid: 12.54.04. Jorrit Bergsma, twa dagen lyn teloarstellend fjirde op de 5000 meter, koe yn de lêste rit syn Olympyske dielname feilich stelle. De winner fan it goud yn Sotsji sette 12.58.78 op de klokken.
Bob de Vries, de winner fan de 5000 meter, ried yn 13.01.12 nei de tredde tiid.