Friezen ha grutter budzjet foar fjoerwurk

28 des 2017 - 18:13

Friezen jouwe mear út oan fjoerwurk as yn foargeande jierren. De krisis liket echt foarby no't pylken, rotsjes, mar ek mortieren wer oer de toanbank fleane. Tongersdei is de ferkeap úteinset. ​By Magic Vuurwerk op De Gordyk begûn de fjoerwurkferkeap nachts al om 12 oere mei in spesjale koartingsaksje en foar dyjingen dy't begjin dit jier al besteld ha. Ek op oare plakken fernimme de ferkeapers dat de klanten dit jier mear útjouwe oan benammen sierfjoerwurk.

Trefwurden: 
fjoerwurk
(advertinsje)
(advertinsje)