Snitser fertochte yn No Surrender-saak noch 30 dagen fêst

© Omrop Fryslân, Karen Bies
De 59-jierrige man út Snits dy't oppakt is yn in grut ûndersyk nei motorklup No Surrender, bliuwt noch 30 dagen fêstsitten. Dat is de útkomst fan de riedkeamer fan de rjochtbank yn Ljouwert. De man wurdt dêrfan fertocht in pear jier lyn ûndernimmers ôfparse te ha. Hy waard earder yn desimber oppakt.
De Snitser hie saaklike konflikten mei de ûndernimmers en soe de lieder fan No Surrender ynset ha as in soarte fan ynkassoburo. De motorkluplieder soe de ûndernimmers bedrige ha. Hy bliuwt ek noch 30 dagen langer fêstsitten.