Anice Das wint 500 meter, Marrit Leenstra twadde

Anice Das soarge op de 500 meter fan it Olympysk kwalifikaasjetoernoai foar in grutte ferrassing. De 31-jierrige ynwenster fan It Hearrenfean wie de rapste yn 38.42. Marrit Leenstra waard twadde yn 38.52 en Letitia de Jong tredde yn 38.58. De grutte favoryt Jorien ter Mors stelde teloar mei in njoggende plak. Das wie út de skroeven mei har resultaat. "Niet normaal", fersuchte se nei de wedstriid. "Ik had dit totaal niet verwacht."
Foar Anice Das, mar ek foar Feanwâldster Letitia de Jong, is it ôfwachtsjen oft se op de Olympyske Spelen yn aksje komme mei. Op de prestaasjematriks stiet de 500 meter fan de froulju op de leechste plakken. Letitia de Jong wie dêrom net al te entûsjast. "It tredde plak stiet as alderlêste, dus dat is totaal noch gjin garânsje. Mar ik stean deryn yn elts gefal."
Marrit Leenstra is troch har twadde plak op de 1000 meter al wis fan Súd-Koreä. As alle ôfstannen riden binne, krije Das en De Jong dúdlikens. Yn totaal meie der tsien Nederlânske froulju meidwaan oan de Spelen.