Plysje siket nei melding by Lekkum nei fermiste Remon

28 des 2017 - 17:45

In melding fan sykjende frijwilligers hat tongersdeitemiddei koarte tiid foar hoop soarge by de syktocht nei de fermiste Remon Bruinsma. De frijwilligers hiene wat sjoen yn it wetter by Lekkum en warskôgen de plysje. Dy hat neier ûndersyk dien en yn it wetter socht, mar sûnder resultaat. Sa'n 100 frijwilligers hawwe tongersdeitemiddei mei hûnen yn trije groepen oan it sykjen west. Op in kaart fan de famylje hawwe sy byhâlden, wêr't sy socht hawwe. Ek dy syktocht hat gjin resultaat opsmiten.

Remon Bruinsma ferdwûn yn de nacht fan tongersdei 30 novimber op freed 1 desimber, nei in stapjûn yn Ljouwert. Om healwei trijen nachts hawwe kamera's him noch fêstlein yn de binnenstêd fan Ljouwert. It is folslein ûndúdlik wat der dêrnei bard is.

(advertinsje)
(advertinsje)