Modelspoarmuseum Snits ferwolkommet 20.000e besiker

28 des 2017 - 17:34

It Modelspoarmuseum fan Snits hat tongersdeitemiddei de 20.000e besiker wolkom hjitten. It gie om de famylje Kuiper fan It Hearrenfean. Sy krigen in boskje blommen fan de museummanager. It museum hat noch nea earder safolle belangstelling lutsen. It âlde rekôr waard ferline jier helle. Doe kamen der 17.500 besikers. Op grûn dêrfan wie no rekkene op ûngefear 19.000, mar it binne dus 20.000 wurden.

Op dit stuit is yn it leechsteande part fan it stasjon in Dickensevenemint organisearre. Dat soarget foar ekstra belangstelling by it museum.

(advertinsje)
(advertinsje)