G-fuotballers skitterje op krysttoernoai yn Snits

28 des 2017 - 17:02

Foar de fyftjinde kear waard tongersdei yn Snits it krystfuotbaltoernoai organisearre foar G-fuotballers. Dizze jongeren mei in handicap kinne faak net meikomme mei oare fuotballers, mar op dagen as dizze kinne se dochs yn harren eigen klasse skitterje.

It sealfuotbaltoernoai wurdt alle jierren organisearre troch fuotbalklup Snits Wyt-Swart en groeit noch hieltyd. Dit jier diene der sa'n tolve teams mei, út Fryslân en omkriten.

(advertinsje)
(advertinsje)