Taksysjauffeur slein mei jutesek, wurkstraffen foar dieders

28 des 2017 - 16:56

In man fan 29 út Mildaam en in 18-jierrige ynwenner fan Nijhoarne binne tongersdei troch de rjochtbank yn Ljouwert feroardiele ta wurkstraffen foar de mishanneling fan in taksysjauffeur op De Gordyk. It slachtoffer waard slein mei in jutesek fol mei stiennen. De man út Mildaam moat 180 oeren ferplichte oan it wurk. As er nochris yn de fout giet, moat er ek in healjier de sel yn. De man út Nijhoarne krige in wurkstraf fan 160 oeren en 3 moannen jeugddetinsje ûnder betingst. It twatal moat ek goed 4000 euro skeafergoeding betelje oan it slachtoffer.

De mishanneling mei de sek mei stiennen barde by it wenadres fan de sjauffeur. De twa fertochten woene ferhaal helje, foar in rûzje earder op de dei. De sjauffeur hie de mem fan de 18-jierrige fertochte ferfierd en de frou hie spul krigen mei in oare passazjier fan de taksy. De taksysjauffeur besocht tuskenbeide te kommen. De mem soe letter sein ha, dat se klappen krigen hie fan de taksysjauffeur.

Troch de mishanneling rûn de sjauffeur in brutsen jokbonke, brutsen ribben en in harsenskodding op. Hy is nei it ynsidint ophâlden as taksysjauffeur.

(advertinsje)
(advertinsje)