Koälysjepartijen Súdwest-Fryslân slute akkoart

It gemeentehûs van Súdwest-Fryslân © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De beëage koälysjepartijen yn Súdwest-Fryslân hawwe in akkoart op haadlinen berikt. Dat akkoart wurdt freedtemiddei om fiif oere presintearre. Nei de ferkiezingen waard it CDA de grutste partij. Dy frege deputearre Sander de Rouwe as ynformateur. Nei ferskate petearen waard dúdlik dat CDA, PvdA, VVD en GrienLinks in koälysje slute soene. D66 en FNP komme net werom.
De nije koälysje kin, krekt as no, rekkenje op in mearderheid fan 24 fan de 37 sitten. Freed wurde ek de plannen fan it nije kolleezje bekend makke en wa't de kandidaat-wethâlders binne.