UPDATE: Frachtwein yn berm Sintrale As, dyk ôfsletten west

28 des 2017 - 17:43

De Sintrale As is tongersdei in skoft ôfsletten west tusken Broeksterwâld en Dokkum, omdat der in frachtwein út de berm lutsen wurde moast. De frachtwein kaam op 'e hichte fan Wâlterswâld yn de berm en stie oan de assen ta yn de drek. De sjauffeur is ferwûne rekke, hy is troch ambulânsepersoniel ûndersocht en meinommen nei it sikehûs.

Foar it út de berm slepen fan de frachtauto waarden in bergingsteam, in kraan, in skjinmakmasine en auto's fan de provinsje oproppen. Ek kaam der in oare frachtwein om de lading oer te nimmen.

(advertinsje)
(advertinsje)