"Coldcaseteam moat nei saak De Vrieze sjen"

28 des 2017 - 14:29

De frijsprutsen fertochte fan de moard op skaker Michael de Vrieze út Boerum wol dat in coldcaseteam de saak út 2010 útsiket. Neffens syn advokaat is de moard mei de rjochterlike útspraak fan woansdei werombrocht nei in ferdwiningssaak. De fertochte fan Turksk komôf wenne yn itselde gebou yn Grins as De Vrieze, op it momint fan syn ferdwining. Troch bloedspoaren yn it gebou giet de plysje der fanút dat De Vrieze yn it hûs fermoarde is.

De fertochte waard yn Ruslân oanhâlden en letter yn Nederlân feroardiele ta 12 jier selstraf. Yn ôfwachting fan syn heger berop waard hy frijlitten, mar wol it lân útset. De man seit no dat hy bliid is mei de útspraak, mar dat er der wol in bittere neismaak oan oerhâldt.
 

(advertinsje)
(advertinsje)