Alex Bruinsma: "It is ûnwerklik, mar wy hâlde hoop"

28 des 2017 - 14:10

Goed 100 minsken binne tongersdeitemiddei nei it stasjon fan Ljouwert kaam om te helpen by in nije syktocht nei de sûnt 1 desimber fermiste Remon Bruinsma. Sawol de plysje as frijwilligers binne al wiken nei De Westerener op syk.

Twillingbroer Alex Bruinsma is ek by de nije sykaksje oanwêzich. "Ast mei de sykaksjes dwaande bist dan hast it gefoel datst echt wat dochst." Sa seit er, "mar der binne ek in soad tiden datst thús sitst en ôfwachtsje moatst."

Hûnen

Op twadde krystdei waard socht mei speurhûnen fan de stichting Signi Speurhonden. Ek tongersdei wurdt der socht mei help fan speurhûnen, mar no kinne minsken harren eigen hûn meinimme. It docht Alex goed om op 'e nij in grut tal frijwilligers te sjen dy't meihelpe by de syktocht. "Der binne in hiel soad minsken dy't ik persoanlik net ken, mar it is hiel moai om te sjen dat der safolle minsken hjir nei ta komme om sa'n ynset foar ús te dwaan."

Stipe

De famylje hat it dreech, mar krijt in soad stipe. Net allinnich mei it sykjen, mar ek thús, sa fertelt Alex: "By ús thús is faak famylje om ús te helpen, bygelyks yn de húshâlding." De frijwilligers dy't tongersdei de aksje op tou set hawwe, hoopje lykas de famylje dat der gau dúdlikheid komt oer Remon.

Hoop

In syktocht mei speurhûnen sa'n fjouwer wiken nei de fermissing kin foar bûtensteanders miskien nuver lykje, mar de frijwilligers wolle it dochs trochsette. Frijwilliger Angelique Runhart hat der fertrouwen yn: "De meningen zijn er over verdeeld, maar wij willen niets uitsluiten. Niet bij voorbaat zeggen dat iets geen zin heeft, we willen hoop en moed houden. En ik vind ook dat je niets moet laten liggen, we moeten gewoon alles doen om hem te vinden." Der is guod fan Remon oanwêzich dêr't de hûnen oan rûke kinne.

Nettsjinsteande de lange tiid dat Remon no fuort is, bliuwt twillingbroer Alex hoop op nijs hâlden. "It duorret al sa lang. It is noch hieltyd ûnwerklik, mar wy hâlde hoop."
 

(advertinsje)
(advertinsje)