Sukses soarget foar twadde enerzjycoach foar Ljouwert

28 des 2017 - 12:34

It Ljouwerter projekt mei in enerzjycoach foar minima wurdt útwreide. Yn 2018 komt der in twadde enerzjycoach by dy't minsken helpe moat om mei simpele stappen te besparjen op de enerzjyrekken. It projekt is yn 2017 úteinset en wie fuortendalik in sukses. Sa'n 300 húshâldingen mei in smelle beurs hawwe har yn it ôfrûne jier oanmeld foar in enerzjytsjek.

It projekt kin opskaald wurde troch ekstra jild fan de provinsje. De gemeente seit dat der in protte ynteresse is yn it projekt út sawol oare gemeenten wei as út organisaasjes wei dy't meihelpe wolle oan it projekt.
 

Trefwurden: 
enerzjycoach Ljouwert duorsum
(advertinsje)
(advertinsje)