Plysje pakt 100 postpakketten mei yllegaal fjoerwurk

28 des 2017 - 12:18

De plysje hat yn de trije noardlike provinsjes sa'n 100 postpakketten mei yllegaal fjoerwurk yn beslach naam. RTV Noord meldt dat op basis fan in petear mei de noardlike plysje. "Wat ons opviel was dat het weer om zwaarder vuurwerk gaat", seit plysjewurdfierder Sylvia Sanders. "Dat is een trend die we al enkele jaren zien. Neem de Cobra 80, dat is bijna een handgranaat als je die vast hebt."

Swierder Fjoerwurk

Yn it ramt fan it Project Oorworm siket de plysje yn hiel Nederlân nei yllegaal fjoerwurk, dat ferhannele wurdt fia ynternet en sosjale media. "Soms gaat het om tieners die vooral voor eigen gebruik vuurwerk bestellen, maar we komen ook mensen tegen die het weer willen doorverkopen", zegt Sanders.

"Wat opvalt is dat we ook adressen hebben gehad waar we meerdere postpakketten hebben onderschept. Soms gaat het om best grote hoeveelheden. En die zijn vooral bedoeld om weer door te verkopen."

Besite oan hûs

Noch foar de jierwiksel hopet de plysje alle keapers fan it yllegale fjoerwurk besocht te hawwen. "Het grootste gedeelte hebben we inmiddels gehad, maar er staat nog een aantal mensen op onze lijst."

Trefwurden: 
fjoerwurk plysje
(Advertinsje)
(Advertinsje)