Krektheid by Fryske treinen boppe ferwachting

28 des 2017 - 11:32

Treinen op regionale spoarlinen lykas dy fan Arriva yn Fryslân, ride yn hast 94 prosint fan de ritten op tiid. Dat is heger as it lanlike persintaazje fan 90.5 prosint. De noarm fan treinen dy't op tiid ride moatte is 88,5 prosint en wurdt dus rom helle. Dat docht bliken út sifers fan ProRail. Dy neamt it opfallend dat de treinen better op tiid ride, wylst der mear drokte op it spoar is. Dat komt neffens ProRail om't der minder wiksels binne en ICT en technyk ferbettere binne.

Nederlân stiet mei de krektens fan de treinen wrâldwiid yn de top 3, mei Japan en Switserlân. Us treinen binne faak nijer as yn de lannen om ús hinne, mar dêr stiet tsjinoer dat de kaartsjes hjir faak djoerder binne. It oantal klachten fan reizgers yn ús lân is ek heger.
 

(advertinsje)
(advertinsje)