Gaslek Bakkefean troch fjoerwurk yn rioel

28 des 2017 - 10:55

It gaslek dat woansdeitejûn ûntstie yn Bakkefean, is feroarsake troch fjoerwurk. Dat is yn it rioel smiten en dêrtroch is de gaslieding rekke en is der gas frijkaam. Bewenners fan de Weverswal yn Bakkefean moasten harren hûs ferlitte en waarden opfongen op in oar plak yn it doarp. Nei in pear oeren mochten se werom nei harren wenten.

Neffens netbehearder Liander bart it faker dat der troch fjoerwurk in gaslek ûntstiet.

Trefwurden: 
fjoerwurk gaslek Bakkefean
(advertinsje)
(advertinsje)