Kanker deadsoarsaak nûmer 1 yn Fryslân

28 des 2017 - 09:38

Yn Fryslân komme de measte minsken te ferstjerren troch kanker, dat docht bliken út de nijste sifers fan it CBS. Yn tweintich jier tiid binne in kwart mear minsken om it libben kaam troch de sykte. Kanker hat yn de ôfrûne tsien jier hert- en iersykten ynhelle as grutste deadsoarsaak yn de provinsje. It tal hert- en iersykten is tusken 1996 en 2016 mei goed in kwart ôfnaam. Fryslân rint hjirmei lyk mei it lanlike byld.
 

Trefwurden: 
CBS sifers kanker
(advertinsje)