Kollum: "Piet"

Botte Jellema

"We binne it der allegearre wol oer iens, dat it in skitterjende dei wie foar Teun, myn famylje en ik. Ik hie him tiisdei meinaam nei de Omrop, dêr't ik yn it belteam foar de Fryske Top 100 siet. Net om't ik safolle fan Fryske muzyk ôf wit, mar om't ik - en ik sitearje produsint Tetsje - in Bekende Fries bin.

Ik tocht: dêr kin ik wol yngewikkeld oer dwaan, mar as Tetsje dat seit, dan sil it wol sa wêze. By my yn it team sieten Aafke Zuidersma, dy't ferline jier Liet wûn hat, en dêrnjonken siet Piet Paulusma. Ik hie net it idee dat ek mar ien fan de bellers wist wa't ik wie, mar ik liet my net út it fjild slaan. Ik makke wat grapkes mei de bellers, en negearre it gefoel dat se dochs wat teloarsteld wiene dat ik net Piet wie.

Teun - tsien jier en wennet yn Wytmarsum - hie noch nea by de Omrop west. Ik koe no net allinnich groeie yn myn rol as bekende Fries, mar ek as coole omke. Op de mingtafel fan de technikus stie op in fader 'Thialf'. Want der waard reedriden. Sa komt dat op de radio, sei ik tsjin Teun.

Piet Paulusma hie Teun by ynkomst fuortendaliks in hân jûn. Piet hat my al jierren lyn foar him wûn. Doe't ik by de Omrop wurke as ferslachjouwer, ha ik in kear by him del west, om't der wat mei it waar wie. Hy liet my syn wurkkeamer sjen, en yn myn geheugen stiene dêr wol tachtich byldskermen mei allegearre waarsynformaasje. Ik krige in bakje tee, en we namen it petear op yn syn tún. It wie gesellich en it waard in aardige reportaazje. "Hartstikke leuk sa," sei hy nei ôfrin, en dat fûn ik ek.

We hawwe inoar dêrnei net mear troffen, mar no't we beide bekende Friezen binne, of sa, hie ik besletten dat ik him amikaal temjitte trêdzje soe. Nonsjalant neamde ik him by de foarnamme, en sei do en dy, en makke wat grapkes, al beljend yn dat team mei bekende Friezen.

Ik haw in swak foar waarmannen. In soad minsken tinke: it waar, dat is dochs gjin 'rocket science'. In protte saken oer it waar binne gjin 'rocket sience', útsein as se dat al binne. Want de wittenskip dy't nedich is om in raket yn 'e loft op koers te hâlden, giet oer streamingen, wervelingen, wjerstân en drukferskillen. En dat is krekt dêr't waarfoarsizzingen ek oer gean. Ik fyn it hiel knap dat minsken dat snappe. En ik siet dus tiisdei op it selde poadium as sa'n minske. As Piet.

Nei in heal oere waard it efkes rêstich op de linen. Ik waard der wat ûngemaklik fan: wêrom belje se my net. Lokkigernôch hie Piet ek neat te dwaan. Ik wit dochs net sa goed wat bekende Friezen dogge as se efkes neat te dwaan hawwe. It makke Piet neat út. Lokkigernôch gie de telefoan nei in pear minuten wer, en ik sei nonsjalant: "Nimsto 'm Piet?" Dat die er. Nei twa tellen sei er: it is foar dy. Ik tocht even: immen dy't leaver my oan de telefoan hat as Piet! We ruilen fan tillefoan en doe waard it dúdlik. It wie myn mem.

Piet hie it mei Aafke oer har muzyk. Har ferske stie yn ús systeem. Piet socht syn eigen ferske fan it skoft lyn op yn 'e kompjûter. It stie der ek yn. Ik haw gjin eigen ferske.

Teun hie fan skoalle de opdracht krigen om nei de fakânsje mei in foto werom te kommen, om wat te fertellen oer wat er dien hie yn 'e fakânsje. Ik sei tsjin him: sille we in foto fan dy en Piet meitsje, foar skoalle? Dat like him wol wat.

Doe't we útbelle wiene, sei ik tsjin Piet: "Mei ik wat freegje? Teun wol graach mei dy op 'e foto." En ik hie it noch net sein of ik tocht: omkoal. Wat seist no wer. Wis, Teun woe graach op de foto mei Piet. Mar feitlik woe ik nonsjalant dwaan, foar myn eigen cool, foar myn cool yn 'e eagen fan Teun: sjoch my ris amikaal wêzen mei dy ferneamde Piet Paulusma. Wêrom sis ik dan net: Piet, ík soe graach in foto fan dy en Teun meitsje wolle. Ik bin it dy't in geunst freget, net Teun. Want eins bin ik immen dy't him lavet oan dyn bekendheid. Sorry Piet.

Piet die der net muoilik oer. Hy is hiel komfortabel yn syn rol as bekende Fries. De foto is makke en dit wie in goeie les. It wie in learsume dei foar Teun. Mar ek foar my. Tetsje, ik bin der noch net ree foar, bekende Fries te wêzen."

28 des 2017 - 8:30
(advertinsje)