Ynwenners Bakkefean jûns let hûs út fanwege gaslek

Bewenners fan de Weverswal yn Bakkefean moasten woansdeitejûn let harren hûs út fanwegen in gaslek. It gas kaam om healwei tolven fia it rioel omheech. Om't net bekend wie oft it om in haadlieding gie, waarden de bewenners evakuearre en de omjouwing ôfsluten. De bewenners waarden yn in gebou oan de Foarwurker Wei opfongen. Ut ûndersyk die bliken dat it om in lieding njonken de haadlieding gie, dy't lek wie. De netbehearder hat de lieding ôfsletten.