Brân yn dak fan pleats yn Damwâld

28 des 2017 - 06:20

Oan de Trekwei yn Damwâld is tongersdeitemoarn betiid brân ûntstien yn in pleats. It dak fan it gebou stiet yn de brân en der komt in soad reek frij. De brânwacht hat opskaald nei middelbrân, mar dit hat benammen te krijen mei de oanfier fan genôch wetter. De heechwurker fan it korps yn Dokkum wurdt ek ynset om by it fjoer komme te kinnen. Hoe't de brân ûntstean koe, is noch net bekend. Om healwei achten hinne wie it fjoer ûnder kontrôle. Yn it gebou sit in hannelsûndernimming foar boumaterialen. 

Trefwurden: 
brân brânwacht
(advertinsje)
(advertinsje)