"Makkum hat idee foar beleefsintrum oer ierdewurk stellen"

Ierdewurk dat te keap oanbean wurdt © Dirk Baron - Omrop Fryslân
Foarsitter Ben van der Ham fan de VVV yn Harns is poerrazend op Tichelaar Makkum, Ben Kranendonk fan beleefsintrum Ofslútdyk en de provinsje. Neffens him ha se it idee foar in beleefsintrum oer ierdewurk stellen fan it Harnser inisjatyf Fries Blauw en wiene dy al drok dwaande mei it ûntwikkeljen fan plannen foar in beleefsintrum yn Harns mei it Harnzer Ierdewurkfabryk.
Van der Ham hat dat ferhaal ferteld oan Kranendonk fan beleefsintrum Ofslútdyk. Fiif wike letter hearde hy op it Frysk rekreaasjekongres ta syn fernuvering dat yn Makkum in beleefsintrum Tichelaar komt. Neffens Van der Ham is dêr earder nea oer praat, ek net doe't hy oer de plannen fertelde. Van der Ham is tige lilk en fynt dat syn fertrouwen skeind is.