Trijetûzen Snitsers kuierje troch rein foar Advendo

27 des 2017 - 22:28

Trijetûzen kuierders trochstienen woansdeitejûn it minne waar foar in kulturele tocht troch Snits. Dy waard organisearre troch Rotary Snits en dit jier foar de fjirde kear hâlden. It doel is om kultuer, bewegen en ynwenners mei-inoar te ferbinen.

De kuierders setten ôf yn de feemerkhal en rûnen troch gebouwen en by tal fan aktiviteiten del. Sa gie de tocht troch de nije riedseal fan de gemeente Súdwest-Fryslân, it azc en ûnder oare it Antonius Sikehûs. De opbringst fan de kuiertocht giet nei de Advendokorpsen. Dy brûke it jild foar de oanskaf fan in nije materiaalwein.

(Advertinsje)
(Advertinsje)