Wenjen yn natuergebiet De Peinder Mieden wurdt realiteit

27 des 2017 - 21:39

Yn it gebiet De Peinder Mieden tusken Drachten en De Pein kin boud wurde. Der wurdt al jierren praat oer de bou fan goed fjirtich enerzjyneutrale wenten. Omwenners hiene lykwols grutte beswieren. Benammen om't der boud wurdt yn de natuer. No't it lêste beswier ynlutsen is, koe it bestemmingsplan fêststeld wurde.

Begjin takom jier wurdt de grûn bouryp makke. Foar de simmer kin dan úteinset wurde mei de bou fan de earste wenten. It bouplan De Peinder Mieden is hast 90 bunder grut. Der is romte foar maksimaal 45 wenten. Der binne gjin easken foar hoe't it der út sjen moat. Al wurdt sjoen oft it past yn it lânskip en oft it enerzjyneutraal is. It gebiet sels, in kûlizenlânskip, moat ek iepenbier tagonklik bliuwe. De bewenners binne ferantwurdlik foar it ûnderhâld oan de natuer. Op it stuit stean der noch twa kavels te keap.

(advertinsje)
(advertinsje)