'Sâlte lânbou' studearje yn Frjentsjer?

27 des 2017 - 21:20

De Frjentsjerter Akademy, dy't in pear moanne lyn oprjochte is, wol yn de takomst stúdzje meitsje fan de saneamde 'sâlte lânbou'. Boargemaster Eduard van Zuijlen fan Frjentsjerteradiel makke dat woansdei bekend op it 85e krystkongres fan de federaasje fan Fryske studinteferieningen. It tema fan it kongres wie 'De Fryske Universiteit'. Frjentsjer krijt takom jier nei de simmer wer universitêr ûnderwiis. De Frjentsjerter Akademy sil dêrfoar in kolleezjeseal ynrjochtsje yn de histoaryske Botniastins.

De akademy is yn tuskentiid op syk nei in pear gaadlike spesjalisaasjes foar masterstudinten en wittenskiplik ûndersyk. Omdat in soad bouboeren yn Noardwest-Fryslân te krijen hawwe mei sâlter wurdende grûn liket Van Zuijlen 'sâlte tylt' in gaadlik ûnderwerp foar wittenskiplike stúdzje. De akademy hat it krystkongres fierder brûkt om mei de dielnimmende studinten te brainstoarmjen. Oare stúdzjerjochtingen dy't ek nijsgjirrich fûn wurde foar de Frjentsjerter Akademy binne psychology, teology en bestjoerskunde, mar in definitive kar is noch net makke.

It optreden fan Van Zuijlen op it krystkongres wie fuortendaliks syn alderlêste as waarnimmend boargemaster fan Frjentsjerteradiel. Van Zuijlen wurdt op 1 jannewaris opfolge troch Hayo Apotheker. Van Zuijlen bliuwt wol oan as foarsitter fan de Frjentsjerter Akademy.

(advertinsje)