Jesper Hospes wurdt sânde yn slachfjild OKT 500 meter

27 des 2017 - 20:12

Ronald Mulder hat mei oermacht yn 34.49 de 500 meter wûn op it OKT yn Thialf. Wrâldkampioen sprint Kai Verbij waard twadde yn 34.81, Jan Smeekens, ynwenner fan Snits en wrâldkampioen op de 500 meter, tredde yn 34.87. Dizze trije sille nei alle gedachten útkomme op de Spelen yn Súd-Koreä.

Dai Dai Ntab, yn oktober waard er Nederlânsk kampioen op de 500 meter, waard diskwalifisearre nei syn twadde falske start. Michel Mulder, de Olympysk kampioen op de 500 meter yn Sotsji, waard sechsde yn 34.98. Jesper Hospes waard op syn thúsbaan sânde yn 35.32 en Sjoerd de Vries 14e yn 35.74.

Trefwurden: 
reedriden OKT Jesper Hospes
(advertinsje)
(advertinsje)