Aldeberkeap hat aksjeplan foar mear ynwenners en wenten

Aldeberkeap wol de kommende jierren flink groeie. Oer tsien jier moat it doarp fan 1600 ynwenners nei goed 1700. Doarpsbelang hat dêrfoar in aksjeplan betocht. Yn it plan stiet ûnder oare dat der in soad nije wenten boud wurde moatte oan de râne fan it doarp.
Neffens Doarpsbelang is der in soad ferlet fan wenromte, benammen om't âld-ynwenners weromkomme wolle en om't âlderein langer yn it doarp bliuwe. Neist de wenningen soene der ek nije foarsjenningen komme moatte foar de jongerein en soene der mear toeristen lutsen wurde moatte nei it doarp.