Antoinette de Jong wint 3000 meter en giet nei Spelen

27 des 2017 - 19:08

Antoinette de Jong hat op it Olympysk kwalifikaasjetoernoai yn Thialf de 3000 meter wûn. De 22-jierrige ynwenster fan Rottum, yn oktober waard se ek Nederlânsk kampioen op dizze ôfstân, ried in moaie 4.02.07. Ireen Wüst koe yn de lêste rit lang yn it spoar bliuwe, mar ferlear de striid op de lêste 800 meter. Wüst waard twadde yn 4.03.39.

Carlijn Achtereekte waard tredde yn 4.03.99. De Jong en Wüst binne no wis fan de Olympyske 3000 meter yn Súd-Koreä yn febrewaris 2018. Achtereekte is sa goed as wis.

Reina Anema waard njoggende en Carien Kleibeuker tsiende. Yvonne Nauta, nei in slimme blessuere wer op it iis, waard tolfde.

(advertinsje)
(advertinsje)