Keunstners op de Biltdiken stelle atelier iepen

Trettjin keunstners op de Biltdiken ha dizze wike de ateliers iepensteld. Se litte sjen hoe't de omjouwing har ynspirearret yn it wurk. Fan Swarte Haan oant Ingelum, oan de Nije en de Aldebiltdyk, yn de omlizzende doarpen en oan de Waadkust binne keunstners te finen. Sy wurde bot oanlutsen troch It Bilt. Miskien om't se yn it lânskip in skeppingsferhaal sjogge fan slykwurkers, dy't it gebiet mei skep en kroade ynpoldere ha. De iepen atelierrûte is dan ek Slikwerk neamd.
De ateliers binne oant en mei sneon iepen fan ien oant fiif oere.