Fermiste Remon noch net fûn nei syktocht mei speurhûnen

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Der is noch hieltyd gjin spoar fan de fermiste Remon Bruinsma. Ek de syktocht op twadde krystdei yn Ljouwert, mei speurhûnen fan de stichting Signi Speurhonden, hat neat opsmiten. It ûndersyk troch de plysje giet op de eftergûn hieltyd troch. Der komme noch hieltyd tips binnen, dy't neilutsen wurde. De plysje docht dan ek in oprop oan minsken dy't wat fertochts sjogge, dat troch te jaan.
Remon ferdwûn yn de nacht fan tongersdei 30 novimber op freed 1 desimber nei in jûntsje stappen. Sawol de plysje as frijwilligers binne al dy wiken nei De Westerener op syk. Tongersdei sil der op 'e nij in groep frijwilligers sykje mei speurhûnen. Minsken dy't mei wolle, kinne harren om 12.30 oere melde op it stasjon yn Ljouwert.