Tachtich banieren Kulturele Haadstêd stellen

27 des 2017 - 15:50

Unbekenden ha sa'n tachtich banieren fan Kulturele Haadstêd stellen. It giet benammen om de findels dy't yn groepkes lâns de ynfalsdiken fan Ljouwert en Harns stean. Ien banier kostet sa'n sechstich euro. By de organisaasje gean se foarearst út fan in nijjiersstunt, mei om't de banieren netsjes fan de flaggemêsten helle binne. Der wurdt dêrom no gjin oanjefte dien. Mochten de banieren op 1 jannewaris net opdûke, dan giet de organisaasje wol nei de plysje.

De melder fan de tip dy't liedt ta it weromfinen fan de banieren, krijt in kaartsje foar it iepeningswykein fan Kulturele Haadstêd ein jannewaris en foar in besite oan de Reuzen fan Royal de Luxe yn augustus. Dat lit de organisaasje witten. Dêrby wurdt trouwens net fermeld dat dy eveneminten al fergees te besjen binne yn 2018.

(advertinsje)
(advertinsje)