Wolvegeaster bakker einiget as tredde yn oaljekoeketest AD

27 des 2017 - 15:26

Bakkerij Vliegendehond yn Wolvegea is dit jier einige op it tredde plak yn de oaljekoeketest fan it Algemeen Dagblad. Vliegendehond stie al seis kear earder yn de top 10 fan de test en einige yn 2011 ek op it tredde plak.

Ferline jier wie it resultaat in teloarstelling foar bakker Ivo Vliegendehond. Doe seach er syn oaljekoek pas werom op it 58e plak, mei in 7 as rapportsifer. Hy krige de krityk dat syn oaljekoek tefolle in fruchtesmaak hie.

Winner fan de oaljekoeketest waard dit jier Bakkerij Klootwijk út Rotterdam. As twadde einige Meesterbakker Voskamp út Spijkenisse.

(Advertinsje)
(Advertinsje)