Frijspraak yn saak fan moard op Fryske skaker De Vrieze

De fertochte fan de moard op de Fryske skaker Michael de Vrieze út Boerum is yn heger berop frijsprutsen op alle grûnen. De Vrieze ferdwûn yn 2010 en syn lichem is nea fûn. Syn 40-jierrige Turkske húsgenoat wie al yn 2013 feroardiele ta tolve jier finzenisstraf. Omdat der twivels wienen oer it bewiis yn dizze saak wie de man yn ôfwachting fan syn heger berop frijlitten yn 2015. Justysje hat him doe útset nei Turkije.
Yn it heger berop is op fersyk fan de advokaat fan de fertochte ûndersyk dien nei bloed dat yn de wente fan De Vrieze fûn is. Dat soe der neffens de plysje op wize dat der in misdriuw plakfûn hat. It NFI, it Nederlânsk Forensysk Ynstitút, wie it net iens mei dizze konklúzje fan de plysje. It Hôf hat mear wearde hechte oan it oardiel fan it Forensysk Ynstút, omdat it bewiismateriaal fan de plysje net genôch ûnderboud is.
It Iepenbier Ministearje hie twa wiken lyn noch in finzenisstraf fan tolve jier tsjin de fertochte easke foar deaslach. De fertochte en syn advokaat wienen doe net by de behanneling fan de saak oanwêzich. It Iepenbier Ministearje kin no allinnich noch yn kassaasje gean tsjin de útspraak.