Wout 'Grutte Pier' Zijlstra is syn izeren swurd kwyt

It izeren swurd fan Grutte Pier is wei. Sterke man Wout Zijlstra spilet op festival Carnivale yn Den Haag de rol fan de Fryske frijheidsstrider út Kimswert. Earst mei in izeren swurd fan sa'n sân kilo, mar no mei in houten eksimplaar fan noch gjin kilo.
"Ik soe it spul by elkoar pakke om te spyljen en doe lei der ynienen in houten swurd. Dus wêr is myn izeren swurd, tocht ik doe. Der siet ek in briefke by." Sels hat Zijlstra gjin idee wa't efter de omwikselaksje sit. Hy soe it swurd wol graach werom ha wolle.